Rely Jorritsma Priis voor Friese dichteres Akke Brouwer

Het geheim van de oude kinderen
We lopen door het steegje waar het ongemak nog huist.
Jij een beetje krom en ik die zachtjes de minuten tel.

Uit de tijd verdwenen beelden zijn we plots en vele jaren jonger,
-moeder achter schorten vol van zweet doordrenkte valsigheden,
vader achter glas en dichtgeslibde hartelijkheid-

We houden stil en de wacht en ruiken de geheimen,
zorgvuldig opgesteld naast de wijzers van de klok.

Ergens ligt nog een teken, een lied, een voorzichtig zijn met oversteken.
Jij ziet niet meer zo helder, ik ben niet meer zo goed ter been.

Tussen scheefgegroeide muren zou ik een ogenblik van oude pijn en
weemoed willen wenen. Jij pakt mijn hand en kijkt me aan….

voor het eerst ben je voor mij verstaanbaar,
je mompelt wat en ik begrijp.


It geheim fan de âlde bern
Wy rinne troch de stege dêr’t de nearzigens noch huzet,
do al wat rûnrêgich, ik mei de minuten yn ’e hân.

Yn de tiid weiwurden bylden binne wy, jonger as no;
ús mem mei skelkfollen falskens drinzge yn swit,
ús heit efter glês en weazige waarmte.

Wy hâlde stil en de wacht en rûke de geheimen,
mei omtinken opsteld njonken de wizers fan de klok.

Earne leit noch in teken, in liet, in oanhâldend foarsichtich oer de wei,
do sjochst sa goed net mear, myn rinnen wurdt wat minder.

Tusken skeansteande muorren soe ik fan âlde pine skrieme wolle.
Do pakst myn hân en sjochst my oan…

foar ’t earst bisto foar my fersteanber,
do preuvelest wat, en ik begryp.